Afbeelding

Toanielferiening ‘Ús Nocht’ spilet dit jier foar jim de komeedzje ‘Karavan’

Algemeen

‘Barend Jan, syn frou Mineke en dochter Loretta sille mei de karavan nei Ealahuzen. Barend Jan is in krekt man, in hiele krekte en hiel sekuere man. Thús wurdt de boel mei soarch en oant yn detail ynpakt, want de boel moat fansels wol yn lykwicht wêze as je sa’n ein ride moatte. Underweis wurdt der noch kofje dronken en dan kin op it plak fan bestimming, de fakânsje mar begjinne. Mar echt lekker rint it net, buorman set hieltyd de blombakken op it paad nei it húske en Marten kin it net litte om Loretta lêstich te fallen mei de gekste dingen…’

Benijd hoe dizze fakânsje ôfrinne sil? 

Kom dan op sneon 22 novimber 2025 om 20.00 oere en op snein 23 novimber 2025 om 15.00 oere by ûs lâns op’e kamping. Sneon is er nei ôfrin live muzyk ‘op’e kemping’. Jo hoeche derfoar net hielendal nei Ealehûzen, mar kinne gewoan nei doarpshûs ‘De Kampioen’ te Hijum komme! 

Keapje online jo kaartsje foar €12,50 (Oan’e kassa €15,-) 

Scan de QR code of fia ‘www.onlineticketsverkopen.nl/beheer/winkel/3465’

Wy hawwe der yn elts gefal wer in soad nocht oan en hoopje jim 22 of 23 novimber te moetsjen yn’e ‘Kampioen’ te Hijum.

In fakânsje groet fan,                          

Bestjoer toanielferiening ‘Ûs Nocht’ Hijum