Op de foto (argyf) sjogge jo Sanne Feenstra dy’t de stikker dy’t se krige fan meartaligenkoördinator Gerard de Jong, op de doar fan harren restaurant plakt.
Op de foto (argyf) sjogge jo Sanne Feenstra dy’t de stikker dy’t se krige fan meartaligenkoördinator Gerard de Jong, op de doar fan harren restaurant plakt.

Foarbyld Waadhoeke liedt ta meartaligheidskoördinatoren foar hiel Fryslân

Algemeen

It Ryk stelt mei inoar 18 miljoen euro beskikber om nije ôfspraken foar it fuortsterkjen fan de Fryske taal en kultuer út te fieren. Mei in moai sukses foar gemeente Waadhoeke: der wurdt € 1.7 miljoen útlutsen foar in meartaligheidskoördinator foar alle Fryske gemeenten. Waadhoeke hat as iennige gemeente sûnt 2021 al in meartaligenskoördinator.

De nije ôfspraken binne fêstlein yn de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK) dy’t moandei 8 april ûndertekene waard troch minister Hugo de Jonge fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes en Kommissaris fan de Kening yn Fryslân Arno Brok. Ut namme fan de gemeente Waadhoeke wienen wethâlder Jan Dijkstra en meartaligheidskoördinator Gerard de Jong oanwêzich bij de ûndertekening.

Nei Waadhoeks foarbyld

De provinsje hat in soad ynput ophelle by allerhande ynstânsjes, werûnder gemeente Waadhoeke. Dat de funksje fan in meartaligheidskoördinator grutte mearwaarde hat, wurdt no troch de provinsje ûnderstreke mei de winsk om alle Fryske gemeenten in meartaligheidskoördinator te jaan. Dêrfoar lûkt it Ryk € 1.7 miljoen út yn de BFTK.

Komplimint foar de gemeente

In boppeslach foar alle Fryske gemeenten, mar seker ek foar Waadhoeke. Wethâlder Jan Dijkstra: “Wy hawwe yn 2021 as earste gemeente, mei help fan de provinsje, in meartaligenskoördinator oansteld. Dit om ús taalrykdom dy’t wy hjir yn Waadhoeke sa wichtich fine – mei it Frysk, Biltsk en Frjentsjerters – echt struktureel te stypjen en út te bouwen. Dat deputearre Eke Folkerts, de Fryske amtners en it Ryk dit ek sjogge as mearwaarde is in komplimint foar ús. It is in rol dy’t it ferskil meitsje ken.”

Meartaligenskoördinator as brêge

Gerard de Jong: “De meertalighydskoördinator funksjoneert as brûg en netwerker tussen overheden en ‘t taalspeulfeld, met ’t Frysk, maar ok met de streektalen. Ik help bij ‘t ferwezenliken fan doelen op ‘t gebied fan meertalighyd: intern bij de gemeente, en deur de frijwilligers die’t met taal doende binnen in de gemeente bij de hând te nimmen. Soa krije wij meer foornander, en ‘t ferklaint de ôfstand tussen overhyd en ‘t taalfeld.”

Prioriteiten yn de nije BFTK

Yn de BFTK lizze Ryk en provinsje Fryslân fêst hoe’t sy yn de perioade 2024-2028 wurkje oan de beskerming en befoardering fan de Fryske taal en kultuer. Binnen de nije ôfspraken foar de perioade 2024-2028 binne fiif prioriteiten oanwiisd: sichtberens fan it Frysk yn de iepenbiere romte, digitalisearring fan it Frysk, Frysk yn it ûnderwiis en ûndersyk, taaloerdracht tusken generaasjes en desintraal taalbelied.