Afbeelding

Frijheid yn eigen taal en tinken

Jaap Jansma en Marten Kuik


Op 29 novimber 2025 waard yn de Groate Kerk yn St.-Jabik in nije dichtbondel presenteard mei as titel ’Fier dyn eigen taal’. Dat wie in oantrún om dyn eigen taal te fieren en te brûken. Drs. Goasse Brouwer hie as redakteur fan Utjouwery Frysk en Frij de poezybondel gearstald. De 150 oanwêzigen w.û. kommissaris Brok en sjonger Piter Wilkens wiene it mei Brouwer iens: De kwaliteit fan de ynstjoerings wie in opstekker foar alle 70 yn de bondel brûkte lytse talen: it Bildts, it Frysk, it Drints, Twints, Limburchsk en oare minderheidstalen.

Frijhyd

As ferfolg op de presintasy fan de gedichtebundel fan ‘Fier dyn aigen taal’ komt d’r 'n nij idee en fersoek an elkeneen: Doen met en deel dyn Bildtse of Frise frijhydsfers met ’t wereldwiid poëzyplatform fan Frysk en Frij. Jim hewwe nag tiid, maar wacht niet te lang: foor 30 novimber 2026 kinne jim jim gedicht insture na post@frysk-en-frij.nl. ‘t Is de bedoeling dat fan de gedichten weer ’n bundel maakt wort. Wille jim meer wete?
Bekyk: www.fryskenfrij.nl

Frysk en Frij

It blêd begûn yn 1943 yn de Twadde Wrâldkriich as yllegaal fersetsblêd. De namme Frysk en Frij betsjutte dat Fryslân frij wêze moast fan de Dútske besetter. Nei de oarloch waard it in populair Frysktalich tydskrift dat elke wike en letter om de twa wiken útkaam. It wie in wichtich opinyblêd foar bygelyks Fryske taal, kultuur, lânbou, ekonomy, keunst, wittenskip en polityk. Spitigernôch moast it tiidskrift, neidat de subsydzje fan provinsje en ryk ynlutsen waard, ophâlde te bestean. Dat betsjutte de ein fan it blêd nei 54 jier. Sûnt 1997 is der gjin algemien en periodyk frysktalich medium mear ferskynd.  

Frysk en Frij giet troch

It bestiet net mear as tiidskrift, mar as stichting hâldt it him dwaande mei kulturele aktiviteiten en publikaasjes. Ûnder lieding fan in aktyf bestjoer is Frysk en Frij no foaral aktyf as útjouwerij fan Fryske literatuur wer ûnder dicht-bondels oer taal. Frysk en Frij hat ek in gearwurkingsferbân mei Fokaal trijelûk. Dat betsjut ûnder oaren dat Frysk en Frij dichtwurk oandraacht dat op muzyk set wurdt troch komponist Rixt van der Kooij.

Goasse Brouwer

Goasse Brouwer komt út in boerelaach dat him tahold yn’e omkriten fan Bitgummole. De family stie bekend om har positive hâlding t.o.f. de fryske taal en kultuer. Brouwer dy’t syn earste tsien jier opgroeide yn Sint-Jabik en no yn Sint-Anne wennet, jout oan dat it de famylje net sa sear gie om it frysk , mar foaral om de frijheid om dy sels te wêzen yn al dyn hâlden en dragen. Dat jildt foar him ek: foar it Frysk , mar ek foar it Bildts. It brûken fan beide talen hat alles te krijen mei tichteby jinsels te bliuwen.
Sa’n fyftich jier lyn krige Goasse Brouwer in wurkplak by Frysk en Frij as ferfanging fan de tsjinstplicht. Hy is dêr noch altyd by en wie jierrenlang de ‘lûker’ fan Frysk en Frij. De takomst sjocht der goed út troch de oanwaaks fan jonge, entûsiaste en betûfte bestjoersleden:  

Aggie Meijer en Sylke Kingma: Fris en Frij

Hja binne freondinnen dy’t frijheid en natoer heech yn it findel hawwe, en in mienskiplike leafde foar it Waadgebiet hawwe. Se genietsje fan de romte en pracht dy’t ‘t Waad mei har meibringt. Se binne begûn mei it skriuwen fan fersen om har ûnderfiningen yn har deistich bestean ûnder wurden te bringen.
It Waad wie it plak dêr’t se de wurden fine koene. It brocht rêst, ynspiraasje en besinning. Yn 2021 krigen se de smaak te pakken en nei in dichtkursus krigen se nocht om wat nijs te organisearjen. Se kamen op it idee om de poëzy tichter bij it Waad te bringen. Mei har entûsjasme en ferbinende kwaliteiten hawwe se in bulte minsken oanstutsen en dat hat laat ta de earste edysje fan ‘Diele fan it Waad’ yn 2024. Dat sil yn 2026 in ferfolch hawwe.

Dele fan ‘t Wad: de Swarte Haan

Aggie Meijer út St.-Jabik en ‘t Wad hore bijnander en daar hore fansels ‘t Bildts en de Swarte Haan ok bij. Op 27 juny is der fan 19.30 -22.00 ’n muzikale ‘storytelling met poëzy’ op ‘e seedyk bij de Swarte Haan. ‘Metnander naar ’t Wad’ is de slogan dus elkeneen die’t fan ’t Wad, mezyk, ferhalen en poëzy hout in talen die’t hier brúkt worre is welkom en ’t is allegaar fergeefs!

Nij bestjoer

Goasse, Sylke en Aggie hawwe elkoar fûn yn it mienskiplik belibjen fan FRIJHEID yn de breedste sin fan it wurd bygelyks : frijheid fan tinken, frijheid yn de natoer en frijheid fan identiteit. By dat lêste heart dúdlik de taal ek by. It bestjoer fan Frysk en frij bestiet op dit stuit út Sylke Kingma (foarsitter), Aggie Meijer (skathâlder), Goasse Brouwer (skriuwer) en Doutsen van Gosliga (lid).

Stiching Erfguod Fundaasje en Buwalda

Frysk en Frij wurket gear mei dizze stifting. Tagelyk arbeidzje se op mei partners yn Waadhoeke, werûnder ‘Historisch Centrum Franeker’. Meielkoar wolle se it lokale lânskip en de taal en kultuer beskermje en promote. Famylje dy’t erfstikken yn de foarm fan foto’s, brieven, berteleppels of oare oantinkens kwyt wol, kin hjir terjochte. Frysk en Frij wol û.o. argiven tagonklik meitsje en foar de takomst feilich stelle yn ús aller belang.
Heel wat mînsen late hur femily- en bedriifsargyf inventarisere en beskrive, soadat ’t toeganklik wort. Soa ok ’t omfangryk Bildts Buwalda-argyf fan Hotze Sytses Buwalda, syn frou Tytsy Veenbaas, seun Sytse Hotzes Buwalda en hur foor-ouweloi út ‘e Westhoek onder St.-Jabik.

Regenboogkleuren

De ferse geuren Fan’t grâs, ’t slik,
De see en de skapepoep
De wyn deur de raiden
Soezend over de flakten met de
Ferskillende flokken en feugels
In formasy of dânsend deur de lucht
In ’e skemer
De lichten fan ’e ailanden in’t sicht en
Lichter deur de golven fan ’e wyn
Die’t myn liif feerder lopen doen
Mij op ’e weromrais wete late
dat ik wel wat rustiger aan doen maan,
D’r wel kom
Ok al sit ‘t ’s teugen

Aggie Meijer, winner fan de Fryske Poëzyslam 2025

Afbeelding