oarloch en boogiewoogie
oarloch en boogiewoogie Internet

Oarloch en Boogiewoogie

Cultuur

Tongersdei 14 oktober binne Hein Jaap Hilarides en Elske Schotanus yn kafee De Bogt fen Guné yn Frjentsjer. De skriuwers stelle inoar fragen oer harren boeken Efter it tried en Beppe Xenia en lêze dêrút foar. Boppedat spilet Hein Jaap Hilarides boogiewoogie.

Hein Jaap Hilarides fertelt oer syn nijste boek Beppe Xenia. Yn it begjin fan de Twadde Wrâldoarloch rint Xenia in âlde leafde tsjin it liif. Dietrich Kleeblatt wurket yn Nederlân foar de SD. De moeting mei Dietrich sil it libben fan Xenia, mar ek fan har man Freek, bot yn ûnstjoer bringe. Hilarides sil ek yngean op De kraak van de kluis, oftewol de oerfal op it befolkingsregister yn St.-Anne yn 1943. Dit ferhaal giet oer de fersetsgroep op Liauckema State en Lolle Rondaan út Bitgum. Dy livestream-film wie ien fan de produksjes dy’t yn it betinkingsjier noch spile is.

Elske Schotanus publisearre ferline jier de earste Fryske Facebookroman De Raven. Yn 2021 ferskynde Efter it tried, häftling nû 10039 - Kampsketsen út Amersfoort. Yn dit ticht op de hûd fan de tiid skreaun dokumint, jout Reimer van Tuinen as Häftling nû 10039 syn ûnderfinings yn it konsintraasjekamp Amersfoort wer. Elske Schotanus skreau de ynlieding by dizze werútjefte en sy sil fertelle oer de achtergrûnen fan dit yndrukwekkende ferhaal oer Reimer van Tuinen, dy’t lykas Lolle Rondaan, ek út Bitgum kaam.