Afbeelding

Iepenloftspul oer Waling Dykstra wint Taalpriis Waadhoeke 2024

Algemeen

It Waling Dykstra-projekt fan Spannum, mei it iepenloftspul ‘Wat bisto leaflik!?’, hat de Taalpriis Waadhoeke 2024 wûn. Dat waard woansdeitejûn, op de UNESCO Dei fan de Memmetaal, bekend makke op in feestlike jûn yn MFC Ons Huis yn St.-Anne.

It Waling Dykstra projekt, rûnom harren bekende doarpsgenoat fan eartiids, is in wier taalprojekt yn en om Spannum, mei tal fan aktiviteiten. Sa as bygelyks in Simmermoarnkuiertocht en in dichtrûte mei 12 gedichten fan Waling Dykstra dy’t no yn Spannum yn it iepenbier grien te finen binne.

Hichtepunt wie it iepenloftspul ‘Wat bisto leaflik!?’. It bringt it ferhaal fan Waling Dykstra prachtich talibben, ien fan Fryslâns grutste skriuwers en dichters. De sjuery (besteande út Anneke Hoekstra, Sannah Debrezceni en Pier Abe Santema) fûn it in ynspirearjend projekt dêr’t de hiele mienskip fan Spannum oan meiholpen hat en dêr’t men op in protte wizen mei taal dwaande west hat. Oprjocht in weardich winner fan de Taalpriis Waadhoeke.

Nomineerden
De ândere twee nomineerden kwammen fan Bildtse grônd, en worden ok in ‘t sontsy set. Teneelferening Toi-Toi fan Ouwe-Syl, die’t al twintig jaar Bildtse teneelstikken op de planken bringt, en Rennie Steensma, die’t Bildtse produkten ferkoopt in hur webwinkel Aigenarigheden. De sjury had foor baide mooie woorden over, al foel ‘t oordeel hur al swaar. “Der bart safolle moais as it om taal en taalpromoasje giet. As sjuery hawwe wy ûnderfûn dat jo mear minsken teloarstelle as bliid meitsje op sa’n dei.” Dos waar fan teleurstelling gyn sprake; de ândere baide nomineerden sagen de nominasy as waardering foor hur inset.

Bingo en stadsgids
De aven in St.-Anne worde opfleurd met ‘n Bildtse, of aigenlik Meertalige Bingo, fersorgd deur Ali Bronger en Leendert Nauta fan Bildts Aigene. Dat waar baide wel toefertroud: se toverden de mooiste en moeilikste woorden út ‘t Bildts, Frysk en Franekers út de bingomoln.

Un ander besonder part waar de bijdrage fan de stadsgids fan Franeker, Josse Pietersma. Pietersma het ut te drok kregen met syn werk en hout d’r na jaren ‘krimineel kuiere’ met op. Hij presinteerde syn opfolger, Willem Kalsbeek, as nije stadsgids. Kalsbeek kwam in fol ornaat de saal in en had syn fuurdoop as nije Franeker stadsgids.

Afbeelding
Afbeelding
Afbeelding