Under wetter
Under wetter

AMS set it Frysk troch mei “Under wetter”

Algemeen

Yn de simmermoannen wurde rûnom yn Fryslân iepenloftspullen spile.

Ferskate tonielferieningen spylje de stikken yn de pastorietúnen of op it hiem by de pleatsen.

Tryater hie foar dit jier in iisbaan as lokaasje útsocht.

Ferline wike woansdei spile Tryater it iepenlofspul “Under wetter” op de iisbaan yn Wergea.

En de Havo 4 bern, mei it fak Frysk yn it fakkepakket, sieten op de tribune.

Harren dosinte, mefr. Banga, hie de kaarten regele.

It waar wie de hiele wike goed, mar krekt dizze jûn soe it wat reinich wurde. Mar dat foel ta.

Sa no en dan ris in pear spatsjes, mar mear wetter kaam der net.

De learlingen beseagen dizze jûn it stik Under wetter fan Tryater.

In boerinne moast de kar meitsje om de iisbaan wol of net te ferkeapjen oan in projektûntwikkelaar foar nijbou.

Dat helle in soad emoasje nei boppen. De iisbaan hearde al generaasjes lang by de pleats, mar no wienen der finansjele swierrichheden.

Oft se de iisbaan ferkeapje soe, dan soe it doarp de iisbaan misse. Mar der moast wol jild op it kleedsje komme, want oars koe der net fierder buorke wurde.

Fansels wienen de learlingen ek tsjûge fan de ljocht- en lûdseffekten, fan leafde en fertriet en fan feesten mei in protte emoasje.

It wie in prachtige jûn en nei ôfrin slagge it in pear jonges om mei de haadrolspilers op de foto te kommen.

Lokkich hienen se it de oare deis net sa drok op skoalle.